Resinsje Omrop Fryslân fan 11 novimber 2002

Twa susters yn in beautyfarm op It Amelân. It sil een pear dagen ‘ontslakken’ wurde, mar wat in ûntspanning wurde moast, beteart yn in syktocht nei it ferline. Om wa joech heit it meast, wa koe it moaiste sjonge, wa hat alles op ‘e noed nommen. De susters wurde mekoars terapeuten. By eintsjebeslút komme se mei mekoar yn it lykwicht, mar soks wie fansels foarút al ynbakt. ‘Beppe Boppe’ sa hyt it en it gie freedtejûn yn premiêre yn De Bres te Ljouwert. Leny Dykstra en har âldere suster Anneke van Baal binne dy susters dy’t in soad mei mekoar út te fjochtsjen en út te praten hawwe en se binne beide beppe. No sit der in protte ‘beppepower’ yn dit stik mar eins is dat beppewêzen net it Leitmotiv fan dizze foarstelling. Ik sis mar foarstelling, want ‘Beppe Boppe’ is in gearmjuksel fan toaniel en kabaret. It is ek in mjuksel fan autobiografy, nostalgy en muzikaliteit. En fan wa is no dat boek mei de titel ‘Kleine K een grote kunst’; hat heit Tetman dat boek no oan Anneke of oan Leny jûn, en is dat no noch in soorte fan Bibel foar it optreden of spilet men gewoan út de genen wei. Dy fraach wurdt yn goed oardel oere oplost. Ik tink dat itt net tafâlt in jeugd te hawwen mei in heit en in mem dy’t altyd op ’e planken steane, dy’t it talint ek yn harren bern werom sjogge, mar dy’t witte dat it artyst wêzen net altyd like noflik is. Dus moatte de famkes in goede oplieding ha en sa wurdt Anneke lerares en giet Leny dochs har âlden efternei omdat Anneke tinkt dat it heitelân mear fan Leny is en de Ofslûtdyk heechút har nâlestring. Hiene se har noch mar ien kear frege, dan hie se daliks de dyk oerstutsen om wer op de Fryske planken te stean. Mar op in goed stuit wie it te let. Soks nimt men syn hiele libben mei. Mar de iene oan de oare kant fan de Dyk fielt har ferlitten troch har suster se moat yn Fryslân alles opheine,, sels har heit syn slipperkes moat sy persoanlik bedobje. Der wurdt hiel wat los makke yn dit stik, net allinich foar de froulju sels, mar ek foar it publyk en benammen foar it publyk yn deselde leeftydskategory. Folwoeksen wurde yn de sechticher jieren. Utgean mocht, mar it boadskip wie: “gjin rare dingen dwaan”. It wie in jeugd sûnder sex, want ‘it’ mocht net. ‘It’ waard net dien en as men ‘it’ dwaan woe, wat wie dat dan? En de âlden mar yn‘e pine sitte as de dochters fan hûs wiene. En dy dreamden allinich mar fan ‘it’ en wiene oh sa krekt. Dy generaasje dy’t nea stoppe mei wurkjen en dat geregeld wei noch docht, wurdt no achte oppasbeppe te wêzen en dat kinne sy better dan wa dan ek. Wis better as dy beppes fan de kâlde kant neffens ‘Beppe Boppe’.Anneke en Leny lizze neist mekoar op twa manske bedden dy’t har ek ûntjouwe as multifunksjoniele dekorstikken. Prachtig betocht. Se binne hielendal klear op in pear dagen ûntslakjen op It Amelân, mar se sille fan de honger en de toarst net stjerre, dêr hawwe se har goed op tared. En dan begjinne har oantinkens oan eartiids: Hotel Excelsior, de boattocht derhinne, it fuorjen fan de seefûgels, besykjen keurich te iten yn it deftige hotel. De susters flitse hinne en wer tusken hjoed en it ferline. Dat is somstiden hilarysk, bygelyks as de beppes oan it rappen binne of oan it fjuchtsjen en dan docht bliken dat Anneke faaks wat better spylje kin, mar dat Leny miskien mear doart en as de lêste oan ‘overacting’ docht dan past dat krekt. Leny kin krekt wat better sjonge, mar dat is hielendal net wichtig neffens ‘Het Handboek voor de Kleinkunst’; it giet om de tekst en hoe’t dy oankomt.
Dy teksten binne fan Leo Dykstra en dy binne poerbest en se komme goed oer. En de lieten binne oer it algemiem fan in hege kwaliteit; sa’n tango as ‘Hâld fan my’, de beppes binne hielendal net benaud om ris heerlik sensueel út harren dak te gean, hilarysk en oandwaanlik. Cees Bylstra en Addy Scheele hawwe hjir dúdlik mei niget muzyk op makke. En soms moat men wolris wat weislokke, by scènes as dy twa famkes mei it ear op de flier om te harkjen nei de rippetysjes fan heit en mem, de tonger en de bommen op it Ljouwerter fleanfjild, Leny op wacht op It Amelân omdat sy soargje moat dat heit wer feilich yn it hotel komt. Folle net genôch.
Jaloezy tusken suskes kin een protte stof opleverje. Boartsje en spylje mei syn beiden dogge dan wis it measte foartuten. Yn wêzen is dat liet ‘Leaf suske’ dan oerstallich, dat hiene wy al ridlik gau yn de rekken. ‘Beppe Boppe’ is rûnom te sjen yn de provinsje en kin fansels ek nog boekt wurde.

Hanna Ludwig
Omrop Fryslân Radio
08 november 2002