Resinsje De Moanne

Jan Pieter Janzen

BEPPE BOPPE-SLACH

Leny Dijkstra & Anneke van Baal, Beppe Boppe.

Teksten Leo Dijkstra. Muzyk Addy Scheele en Cees Bijlstra.
Rezjy Jan Eekma, mei advizen fan Piter Stellingwerf.
Oant yn april 2003 yn de provinsje.

PERSOANLIK EN EKSIMPLARYSK
Resinsjes bewarje oant nei de foarstelling en je net liede litte troch de (foar)oardielen fan oaren. Dat slagget net altiten. Krantekoppen kinne je min oerhinne lêze. Sa koe ek de kaorte gearfetting boppe it LC-besprek fan Fedde Dijkstra my net ûntkomme: ‘Beppe Boppe’ is it aardichst foar beppes. Gjin stimulearende ynset, want wat moatte je dan as man en net-pake? Gewoan derhinne en net stinne. En weromtinke oan Nely Vriesema, dy alderprachtichste solofoarstelling fan Leny Dijkstra fan in jiermannich lyn. Gjin kabaret mar toaniel, en dêr giet it bij Beppe Boppe ek om, al sitte der wol acht justjes kabareteske lietsjes yn.
It falt alles ta. Anneke & Leny ferasse mei in persoanlik en sterk autobiografysk ferhaal, dat mei faasje brocht wurdt yn in ôfwikseljende foarstelling fan oardel oere (sûnder skoft). Twa susters op in beautyfarm op It Amelân, dy’t nei 35 jier fan min ofte mear formeel famyljekontakt weromsjogge op harren libben en de mienskiplik foarskiednis: bij heit en mem thús en mei har op de planken. De nammen fan Tetman en Mine de Vries falle net, se binne wol ûnûntkomber oanwêzich. De striid om de geunst fan de heit wurdt opikkere en safolle jier nei data eins gewoan fuortset. It ferline is net foarbij. De iepeningsscêne duorret ryklik lang. Dêrnei komt de gong deryn. Anneke & Leny spylje harsels libbensecht ôfwikseljend as famke, frou, dochter, mem, beppe en foaral ek as susters mei in ambivalinte relaasje. Dat soarget foar oandwaanlike hichte- en djiptepunten. Dêrbij ûntbrekt de humor en de selsspot net. “Us persoanlike ferhaal is universeel”, sei Leny yn it interview. It is yndied eksimplarysk en dus werkenber, net allinich foar beppes en foar pakes, ek foar jongere generaasjes (al sille dy gjin ahaerlebnis krije bij de ‘senioaremominten’ dêr’t de beide beppes soms lêst fan ha). De diagonaal opstelde bêden wurde op in ferassend mutlyfunksjonele wize brûkt. Alle lof foar de rezjy fan Jan Eekma en Piter Stellingwerf. In pluspunt is ek it op natuerlike wize trochinoar brûken fan it Frysk en it Nederlânsk. Yn de lietsjes bygelyks, dy’t oars net it sterkste ûnderdiel fan de foarstelling binne. Minder oangripend as dy op Leny har cd Mei alle leafde (1996). Om mij hiene ‘Skuorren yn it behang’ en ‘Ein’ wol yn reprise mocht.

RESEPSJE
Wie de LC-resinsint no net sa te sprekken oer Beppe Boppe? Dat foel ta. Troch it opgarre âld sear krijt de foarstelling neffens Fedde Dijkstra “ynhâld en skerpte”. De krêft sit “foar in grut part yn de werkenberens. Dat makket is stik benammen aardich foar minsken dy’t sels ek beppe binne”. Mar dochs ek wol foar oaren: “Mei troch it effektive dekor nimme (Anneke & Leny) de taskôger sûnder muoite mei nei in oare tiid of in oar plak. En geandewei it stik witte se hieltyd faker in snaar te reitsjen, ek wol by lju dy’t sels gjin beppe binne. Mar dy sjongstimmen, dêr moatte je wol oer kinne”. Dêr hat dizze Dijkstra nammentlik “wat in allergy (foar) ûntwikkele”. Oer dy lietsjes is Jan Jongsma yn it Frysk Deiblêd krekt wakker te sprekken: “De ferhalen fan doe en no wurde ôfwiksele mei lietsjes en kwa tekst en ûtfiering meie dy der wêze”. Syn einoardiel is sûnder mear posityf: “Beppe Boppe is in yndrukwekkende foarstelling, der’t humor en komyske eleminten net yn ûntbrekke, mei faor de taskôger in soad werkenbere saken. Autobiografysk toaniel kin hiel boeiend wêze. De beide dochters fan Tetman de Vries leverje dêr it bewiis foar”. Hannah Ludwig hie foar Omrop Fryslân eins ek oars net as lof. Se moast soms “wolris wat weislokke”. Sa’n scêne as fan dy twa famkes mei it ear op de flier om te harkjen nei de rippetysjes fan heit en mem. De tonger en de kanonnen op it Ljouwerter fleanfjild. Leny op wacht op It Amelân, om’t sy soargje moat dat heit wer feilich yn it hotel komt”. In “gearmjuksel fan toaniel en kabaret” neamt Ludwig de foarstelling. “De susters flitse hin en wer tusken hjoed en it ferline. Dat is somtiden hilarysk, bygelyks as de beppes oan it rappen binne oa oan it fjochtsjen. En dan docht bliken dat Anneke faaks wat better spylje kin, mar dat Leny miskien mear doart. En as de lêste oan overacting docht, dan past dat krekt. Leny kin better sjonge (...). Ek de lieten binne oer it algemien fan hege kwaliteit”.
Koartsein: Beppe Boppe is in slagge foarstelling, mei in ferrassende comeback fan de âldste Tetman-dochter. Sjoch foar mear ynformaasje (spyllist, resinsjes én Leny har liete-argyf) www.beppeboppe.nl