Resinsje Actief Extra fan 15 novimber 2002

Anneke en Leny de Vries wer tegearre op 'e planken

'Beppe Boppe':
geve foarstelling

Fan 1963 oant 1966 stiene Anneke (1940) en Leny de Vries (1943) tegearre op 'e planken yn de ferneamde produksjes fan harren heit Tetman de Vries. Yn 1966 sette Anneke in punt efter har toanielkarriêre. Se troude, kaam yn it westen te wenjen en waard learares skiednis yn Amsterdam. Leny bleau yn it toanielfak en gong op 'e solotoer of stie yn produksjes yn 'e mande mei oaren, bygelyks by 'Tryater'. Har winsk wie om oait nochris wer mei Anneke op te treden.

Dy winsk is útkommen en no bringe se as Anneke van Baal en Leny Dykstra 'Beppe Boppe', in produksje dy't ferline wike freed yn Ljouwert yn premiêre gong.
"Ik ha har al sa faak frege, mar se woe noait. Se gong hielendal op yn har wurk as learares. Ik hie 't al opjûn," fertelde Leny Dykstra my okkerdeis. It idee om wer meielkoar op te treden kaam dochs by Anneke wei. Dat barde nei't se troch sykte har baan oan it Amsterdamske Spinoza-lyceum opjaan moast. Mar se waard wer better en doe barde wat Leny net mear foar mooglik hâlden hie: Anneke kaam mei it idee om tegearre wer ris op te treden. "It wie de moaiste fraach, dyst my stelle koest," seit Leny dêroer yn 'Beppe Boppe'. Want dat waard de titel fan de nije produksje: Anneke en Leny binne beide beppe. De beide froulju sprutsen ôf om harren oantinkens oan benammen de berne- en jongfammetiid, mar ek oan de tiid dêrnei op papier fêst te lizzen. Dy oantekens gongen nei tekstskriuwer Leo Dykstra, Leny har man. Hy makke de ôfrûne maitiid en simmer de teksten foar 'Beppe Boppe' en skreau dêr ek in achttal lieten foar, dy't op muzyk set waarden troch Addy Scheele en Cees Bijlstra. Nei mear as 35 jier koene de beide susters tegearre de planken wer op.

Autobiografysk
'Beppe Boppe' bestiet benammen út autobiografyske elementen en spilet him ôf op in sliepkeamer yn ien nacht, in sliepeleaze nacht op It Amelân. Dêr fertoevje de beide froulju in wykein op in beauty-farm, in kadootsjes fan harren bern fanwege it oppassen op 'e beppesizzers. Om't se net sliepe kinne, sjogge se werom op harren libben as bern fan it artystepear Tetman en Mine de Vries. En se sizze elkoar dingen, dy't noch nea útsprutsen binne. It is net allinne in nostalgysk weromsjen nei de tiid fan doe, mar elk blykt in eigen ynterpretaasje fan guon saken te hawwen en dus ûntsteane der ek mieningsferskillen en felle ferwiten yn elkoars rjochting.
It boeiende fan 'Beppe Boppe' is, dat der hieltiten fan tiid feroare wurdt. Der wurdt konstant fan no - de tiid fan it beppe-wêzen - oergongen nei de tiid fan doe, benammen nei de berne- en jongfammejierren. Dy rolwikselingen barre abrupt en krekt dat springen yn de tiid leveret in boeiende foarstelling op.
Foar de wat âldere taskôger sit der in soad werkenbers yn 'Beppe Boppe', bygelyks hoe hoeden as der yn 'e opfieding eartiids mei seks omgien waard. "Wat wisten wy fan seks?" freget Leny har ôf. "Allinne dat it net mocht," is it antwurd fan Anneke. "Sels doe't de kat jongen krige, mocht ik der net by," typearret Leny de tiid fan doe.
'Beppe Boppe' spilet him ôf yn in tige funksjoneel dekôr en sit fol mei komyske eleminten, bygelyks it omgean fan de beide froulju mei de mobyltsjes. It spyljen en ek it sjongen, meielkoar of solo, is echt knap. En dat is benammen in komplimint foar Anneke, dy't it nei mear as 35 jier ôfwêzigens noch net ferleard is om wat moais op 'e planken te setten. 'Beppe Boppe' is in geve autobiografyske produksje, dêr't Anneke van Baal en Leny Dykstra grif in soad minsken in plezier mei dogge.

Yn it lêzersgebiet fan Actief EXTRA is 'Beppe Boppe' de kommende tiid ûnderskate kearen te sjen: 21 novimber yn 'De Colle' te Kollum, 11 jannewaris yn de Burgumer 'Pleats', 23 en 25 febrewaris yn de Drachtster 'Lawei', 1 maart yn 'De IJsherberg' yn Dokkum en op 5 april yn 'De Schalmei' te Hurdegaryp.